Droechte: feankaden sakje yn

22 apr 2011 - 16:32

De feankaden yn Fryslân driigje fanwege de oanhâldende droechte yn te sakjen. Dêrom sille yn maaie mooglik ekstra ynspeksjes hâlden wurden.

Wetterskip Fryslân hat yntusken al maatregels nommen tsjin de droechte. Om it wetterpeil op nivo te hâlden wurdt der wetter fanút de Iselmar de boezem ynlitten. Mar as it noch langer droech bliuwt is dat net genôch en rinne benammen de feankaden yn de lege midden fan Fryslân gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)