Plysje hellet meagere hûn op

De eigner joech dizze hûn struktureel te min drinken en fretten
De dierebeskerming hat tegearre mei de plysje by in man (34) út de gemeente Hearrenfean in slim fermeagere hûn fuorthelle. De hûn wie noch mar 12,5 kilo, wylst 25 kilo normaal is.
It bist waard fûn troch in ynspekteur neidat hy in melding krigen hie fan in fersmoarge wenning. In bistedokter hat fêststeld dat de hûn struktureel te min wetter en fretten krigen hat. De eigner ferklearre dat hy oan it sparjen wie foar eutanasy omdat neffens him de hûn siik wie.