Gjin Kenianen yn Utrecht

22 apr 2011 - 13:51

Keniaanske atleten hawwe in startferbod krigen om oan de maraton fan Utrecht mei te dwaan. Oanlieding hjirfoar is it ferskil yn prizejild. Sa krijt in Nederlânske winner yn Utrecht 10.100 euro en in winner út it bûtenlân 100 euro. En dat is diskriminaasje, neffens it Keniaanske atletykbûn.

Ek foar Mariska Kramer út Drachten is dit startferbod fan de Kenianen ferfelend. Sy wol in nij pr rinne en dat is sûnder konkurrinsje folle dreger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)