Fûns foar sosjale wurkpleatsen

© Omrop Fryslân
Der komt in lanlik fûns fan 400 miljoen om sosjale wurkpleatsen as Caparis sa om te foarmjen dat se mei minder jild ta kinne. Dat stiet yn it nije bestjoersakkoart tusken ryk en Nederlânske gemeenten. Dat akkoart is de fertaling fan it gedoochakkoart fan VVD, CDA en PVV.
De gemeenten hawwe lykwols net genôch jild krigen om alles sa út te fieren as it ryk it wol, seit wethâlder Florijn fan Ljouwert. Florijn prate út namme fan de VNG mei it ryk.