Bussjaufeur skoft gizele

In bussjauffeur fan Connexxion is freedtemoarn op De Jouwer in skoft gizele op in bedriuweterrein. De man ried mei syn auto nei de busremise ta, om oan it wurk te gean, doe't der sketten waard.
Doe't er nei in loads tarûn om út te sykjen wat der oan de hân wie, waard er troch twa manlju mei in wapen bedrige en meinaam de loads yn. Hy waard dêr fierder mei rêst litten, de manlju giene koart dêrnei fuort.