Jildpine foar Jouster aula

22 apr 2011 - 12:25

De takomst fan aula Westermeer op 'e Jouwer stiet faai. De aula is net mear by de tiid en moat foar in ton ferspikere wurde. Dat jild is der net en de gemeente wol ek net byspringe.

De aula is yn 1991 oergien yn hannen fan in stifting en dy hat lang te lege tariven berekkene. Ferline jier is der in nij dak opkaam en no is de reserve op. Mar de konkurrinsje is grut. De aula moat modernisearre wurde, oars dan geane de klanten nei aula's mei mear fasiliteiten yn bygelyks Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)