Fiskers-kontrôle by Aldhoarne

De plysje hat mei trije natoerorganisaasjes tongersdeitejûn by Aldhoarne 9 fiskers kontrolearre. Twa fiskers hawwe in bekeuring krigen omdat se har net hâlden oan de fisktiden. In oare fisker hie gjin fiskpas by him. By tafal rieden der trije bromfytsers op it fytspaad neist it wetter dêr't de kontrôle wie.
Sy krigen in bekeuring foar it riden op it fytspaad. Ien fan harren hie gjin rydbewiis by him en krige dêr in bekeuring foar.