Man (80) rydt troch slachbomen
In man fan 80 jier út Sint Nyk is tongersdei mei syn auto dwers troch de slachbomen fan in brêge yn Snits riden. De man koe kwalik wat sjen troch eachdrippen dy't hy foar in eachûndersyk yn it sikehûs krigen hie.
De plysje hat de man syn rydbewiis ôfnaam. Der sil ûndersocht wurde oft de Sint Nykster wol as net syn rydbewiis noch weromkrijt.