Oppakt foar yllegale eskort

22 apr 2011 - 10:12

It minskehannelteam fan de plysje Fryslân hat twa manlju oanhâlden op fertinking fan frouljushannel. In Noardburgumer (48) is oanhâlden om't hy op in ynternetsite in oprop pleatst hie foar froulju dy't yn it bûtenlân oan it wurk woene as prostituee.

Fierder ûndersyk brocht de plysje op it spoar fan in man (40) út De Rottefalle. Hy wurdt ûnder mear fertocht fan yllegale eskortpraktiken. De man is oanhâlden en wurdt heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)