Ynwenners Murns sûnder wetter

22 apr 2011 - 07:47

In lek yn it wetternet by Himmelum soarget derfoar dat der by acht húshâldingen yn Murns gjin wetter út de kraan komt. It lek waard freedtemoarn betiid ûntdutsen. Dêrnei ha meiwurkers fan wetterbedriuw Vitens it wetter omlaat, sadat net noch mear húshâldingen der lêst fan ha soene.

Der is yntusken in monteur ûnderweis om it lek ticht te meitsjen. Hoe lang oft it reparaasjewurk duorje sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)