Meiprate oer strafeasken

21 apr 2011 - 21:55

Der wurde Fryske boargers socht dy't meitinke wolle oer hoe swier der straft wurde moat yn ús lân. It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert wol op 30 maaie mei 40 Friezen fierder prate yn in saneamd boargerpanel.

It Iepenbier Ministearje freget yn in rjochtsaak oan de rjochter om in bepaalde straf op te lizzen. Sy wolle no graach fan de gewoane minsken hearre wat dy fan de strafeasken fine. Boargers kinne har skriftlik of fia ynternet opjaan foar it panel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)