Biologyske aaien yn Hiaure

21 apr 2011 - 21:23

Plomfeehâlder Dijkstra fan De Lytse Jouwer hat tongersdei symboalysk it earste biologyske aai oanbean oan boargemaster Waanders fan Dongeradiel.

In grut part fan de merk foar aaien is ynstoarten, boeren fertsjinje neat oan de aaien. Dat komt troch it dioksine-skandaal dat yn Dútslân west hat. Dútsers keapje de aaien no tichtby hús. Dêrmei is de eksport foar in grut part ferfallen. Neffens Dijkstra dogge de biologyske aaien troch it skandaal it krekt better as de lisbatterij-aaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)