Jonkje oeren fermist

In 7-jierrich jonkje út Beetstersweach hat tongersdeitemiddei oeren fermist west. Hy wie om 16.30 oere fan de Boskleane fuortgien op syn grize mountainbike. Der waard troch de plysje in burgernetaksje opstarten om nei him út te sjen.
Letter op de jûn rûn it jonkje it tankstasjon by Akkrum yn. It personiel fûn it frjemd dat in jonkje mei allinnich in trijekwartsbroek oan dêr wie en belle de plysje. Doe waard dúdlik dat hy al oeren socht waard.