'Klink hat neat te ferbergjen'

21 apr 2011 - 16:52

De Klink yn Mitselwier hat net meidien oan it hygiëne-ûndersyk fan it Konsumintebûn. It ferpleechhûs krijt in hiel soad fersiken foar ûndersiken en hat neat te ferbergjen, neffens in wurdfierder. Alles op it mêd fan hygiëne is yn oarder. De Batting yn Harns waard mei in 5 beoardiele. De Klink falt ûnder soarchgroep Pasana dêr't ek sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ûnder falt. De meiwurker dy't dêr oer de hygiëne giet, hat ek De Klink ûnder har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)