Digitale ynfopeal Noardwâlde

21 apr 2011 - 15:42

Toeristen en rekreanten kinne sûnt tongersdei yn Noardwâlde gebrûk meitsje fan in digitale ynformaasjepeal. It giet om in kompjûter mei touchscreen dy't midden yn it doarp stiet. Dêrop is ynformaasje oer it gebiet te finen. De VVV yn it doarp is in pear jier ferlyn sletten en sa kin dochs noch yn it plak sels ynformaasje opsocht wurde.

De digi-ynfopeal is in inisjatyf fan it toeristysk netwurk De Friese Wouden en it TOP transfearium yn Noardwâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)