Wethâlder: gjin jild Parnas

21 apr 2011 - 13:48

Wethâlder Diks fan Ljouwert wol dat de gemeentlike subsydzje oan Parnas ophâldt. It keunstsintrum krijt 1,4 miljoen subsydzje, mar dat is mei de besunigings net mear mooglik. De plannen foar Parnas stean yn de gemeentlike besunigingsnota dy't tongersdei presintearre waard.

De gemeenteried moat noch wol oer de besuningsplannen yn de nota beslute. It definitive beslút falt op 27 juny. Parnas sil, lykas earder, protestearje tsjin de sluting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)