De Batting: in 5 op hygiëne

21 apr 2011 - 12:00

De Batting yn Harns komt net goed út in ûndersyk fan de Consumentenbond nei hygiëne yn ferpleechhuzen. De Batting krijt in fiif as sifer. It konsumintebûn hat útsocht oft personeel regels yn acht nimt yn de omgong mei bewenners. De Batting skoart dêr matich op. Fierders wurdt yn De Batting net goed genôch skjinmakke en soene saken lykas ferbân en skjinmakkers-ark net goed opslein wurde. Op oare saken skoart it ferpleechhûs yn Harns 'ridlik'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)