Balstjurrige Boalserter oppakt

21 apr 2011 - 11:30

In Boalserter (68) is woansdeitenacht oanhâlden om't er dronken en dûm wie tsjin de plysje. De plysje seach him nei in melding dat op de Pater Brugmanstrjitte in man neist syn auto op 'e grûn lei.

Doe't de plysje dêr oankaam, wie de man wer by kennis. Hy wie lulk en begûn te slaan en te skoppen. Om't de man sa balstjurrich wie, waard er nei it sellekompleks yn Drachten brocht. Der wie er ek dwers en ferkeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)