Sinteklaasyntocht stiet faai

Argyffoto Omrop Fryslân
De Sinteklaasyntocht yn Wolvegea driget net troch te gean. Foar de oranisaasje, winkellju-feriening WOW, is de nije priis te heech. De gemeentlike kosten binne no noch 120 euro, mar dat driget mear as 1200 euro te wurden. De feriening kin dat jild net opbringe om't it tal leden beheind is. Grutte winkelketens wurde faak gjin lid.
De winkellju wolle no mei de gemeente om de tafel om oer it probleem te praten.