Dokumintêre Vlaggen Centrale

21 apr 2011 - 08:03

Regisseur Michiel van Erp makket in dokumintêre oer de 'Dokkumer Vlaggen Centrale', dy dit jier 75 jier bestiet. It bedriuwsfeest fynt yn desimber plak, mar de premjêre fan de film 'De Vlag' is in moanne earder, op it 'Noordelijk Filmfestival' yn Ljouwert.

Van Erp is bekend wurden troch dokumintêres dy't hy makke foar de VPRO en de VARA. De direksje fan de DVC neamt de film in hichtepunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)