Ljouwert krijt kultuerpriis

Kultuerpriis ferneamd nei Hendrik ten Hoeve
Ljouwert krijt in kultuerpriis, in inisjatyf fan Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwert. It wurdt de Hendrik ten Hoeve kultuerpriis.
Ten Hoeve wist alles fan Ljouwert op it mêd fan skiednis en kultuer. Hy wie skoalmaster, gemeenteriedslid, oprjochter fan Aed Levwert en hat sa'n soad foar de kultuerhistoarje fan Ljouwert bestjutten dat hy mei in priis eare wurdt. Ten Hoeve is yn 2009 ferstoarn. De priis wurdt om de twa jier beskikber steld oan partikulieren.