Hoarekaman pommerant Ljouwert

Sealesintrum Tivoli
De Ljouwerter hoareka-ûndernimmer Arie van der Wal is woansdeitejûn útroppen ta 'Ljouwerter Pommerant 2011'. De priis fan de Histoaryske Feriening Aed Levwert is bedoeld foar Ljouwerters dy't har ynsetten hawwe foar de Ljouwerter mienskip.
Van der Wal is in markante persoanlikheid en krijt de priis fanwege syn wurk as frijwilliger. Hy is eigner fan sealesintrum Tivoli op de Huzumerleane yn Ljouwert.