Hearrenfean biedt ekskús oan

20 apr 2011 - 19:57

De direksje fan Sportklup Hearrenfean hat syn ekskús oanbean oan it frouljusteam. Ferline wike makke de klup bekend dat se ophâlde mei de frouljustak. De spylsters krigen fia sms te hearren, dat der gjin takomst mear wie foar it team.

Yn in gearkomste hat it bestjoer sein dat se betreure dat se it sa te hearren krigen. Wol is dúdlik wurden dat se gjin mooglikheid mear sjogge om troch te gean en dêr komme se ek net mear op werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)