Gjin peaskefjoer Skarsterlân

De gemeenten Hearrenfean en Skarsterlân ferbiede it oanstekken fan peaskefjoeren yn ferbân mei de droechte. Dêrmei folgje se de rjochtlinen fan de brânwacht. Der binne al ûntheffings jûn foar in tal peaskefjoeren, mar dy wurde yn Skarsterlân fersettten nei Pinkster. Ofhinklik fan it waar meie de bulten dan wol oanstutsen wurde.
De gemeente freget minsken ek op oare wizen foarsichtich te wêzen mei fjoer yn de natuer.