Bedriging foar 24 bistesoarten

20 apr 2011 - 14:28

Natuer- en miljeu-organisaasjes binne benaud dat 24 bysûndere bistesoarten ferdwine sille troch de besunigings op de natuer. Yn Fryslân soe it gean om de blauwe hoanskrobber (blauwe kiekendief) en de kâtûle (velduil). Dizze fûgels komme foar yn de dunen yn it Waadgebied.

It behâld fan de soarten stiet en falt mei soarchfâldich behear. Dat wurk wurdt no dien troch bygelyks Steatsboskbehear. De besunigings hawwe grutte konsekwinsjes foar it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)