Boargers prate oer profyl

20 apr 2011 - 12:36

De ynwenners fan de gemeente Súdwest Fryslân meie de kommende fjouwer wike meitinke oer it profyl fan de nije boargemaster. Dy moat yn jannewaris fan 2012 oansteld wurde.

De gemeenteried freget hokker eigenskippen en kwaliteiten de ynwenners wichtich fine. Wol men in boargemaster dy't lanlik goed netwurkje kin of ien dy't mear oan de regio bûn is. Oan de hân fan in enkête op de webside fan de gemeente kinne ynwenners harren winsken trochjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)