Duorsum driuwend fakânsjehús

20 apr 2011 - 12:25

Yn de Lytse Wielen by Ljouwert komt it earste duorsume driuwende fakânsjehûs te lizzen. It hûs stiet op in driuwend pompeblêd en alle enerzjy dy't noadich is wurdt yn it gebou sels opwekt. De driuwende bungalow is ûntwikkele troch tsien Fryske bedriuwen yn gearwurking mei de NHL.

De driuwende bungalow komt noch dizze maitiid nei de Lytse Wielen. Doel is om oer twa jier 250 fan dit soarte wenten op de Fryske marren te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)