Man oppakt foar sân misdriuwen

20 apr 2011 - 10:54

De plysje fertinkt in 24-jierrige ynwenner fan Sint Anne fan sân misdriuwen. De man waard oppakt nei oanlieding fan in wapene oerfal op in pizzaria yn Ljouwert.

Ut it ûndersyk die bliken dat de man mooglik ek by seis oere misdriuwen belutsen west hat. It giet dan ûnder oare om it stellen fan jild fan in frou dy't krekt pind hie, it slachtoffer krige dêrby in mes op de kiel set. De man soe ek belutsen west ha by stellerij út winkels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)