Konifearebrannen yn Drachten

20 apr 2011 - 10:37

Yn Drachten binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei op twa plakken konifearen yn de brân stutsen. De earste brân wie oan de De Stal, dêrby giene fiif konifearen ferlern en baarnde ek in part fan in hok ôf. It slagge de bewenners om it fjoer út te meitsjen.

Even letter waarden konifearen oan De Knobben yn 'e brân stutsen. Dêrby rekke ek in auto skansearre en moast de brânwacht der oan te pas komme om it fjoer út te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)