Hynders stellen yn Terwispel

20 apr 2011 - 10:33

De plysje ûndersiket de stellerij fan twa Fryske hynders. Dy waarden ein ferline wike meinaam út in stik greide oan de Koaibosk yn Terwispel.

It giet om twa merjes fan 7 en 11 jier âld. De plysje wol fanwege it ûndersyk graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear witte oer de stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)