CAO foar de grutmetaal

20 apr 2011 - 09:45

Wurkjouwers en fakbûnen ha in prinsipe-akkoart sletten oer de CAO foar de grutmetaal. Yn it Noarden wurkje goed 18.000 minsken yn dizze sektor by bedriuwen lykas Batavus op It Hearrenfean, Landustrie yn Snits of op skipswerven. Yn it akkoart stiet in leansferheging fan 4,75%. Der jeugdskalen foar wurknimmers boppe de 22 jier komme te ferfallen.

Woansdei wurde de ôfspraken ferspraat ûnder de wurknimmers, dy't der letter noch oer stimme sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)