Orka's mooglik famylje Morgan

20 apr 2011 - 08:03

De orka Morgan dy't ferline jier yn de waadsee fûn waard is mooglik famylje fan de groep orka's dy't op dit stuit yn de Noardsee swimt. Dat seit alteast de aksjegroep Orca Coalitie. Sy roppe it dolfinarium en it ministearje op om ûndersyk te dwaan nei in mooglike famyljebân. Dit soe dan dien wurde moatte oan de hân fan fotomateriaal en lûdsopnamen.

De organisaasje is benaud dat Morgan sûnder famylje nea wer frijkomt en ferkocht wurde sil oan in attraksjepark.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)