Frijmerk ek foar winkeliers

19 apr 2011 - 23:08

Winkellju yn Ljouwert hoege by de frijmerk mei keninginnedei net mear harren stoepe ôf te stean oan oaren. Winkels dy't altiten rekken bûten ha, krije it earste rjocht op it gebiet foar de winkel.

Winkellju dy't sels ek guod op strjitte ferkeapje wolle moatte earst in fergunning oanfreegje, mar kinne sa wol foarkomme dat in oar mei in kleedsje foar de etalaazje sitten giet. De gemeente Ljouwert past de regels by de frijmerk oan nei klachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)