Fryske plysje falt yn yn Grins

19 apr 2011 - 19:59

Sa'n 30 Fryske plysjeminsken falle woansdei yn by it Grinzer plysjekorps. Dat dogge se om de kollega's yn Grins de gelegenheid te jaan nei de betinking te gean fan de kollega dy't in wike lyn deasketten waard yn Baflo.

It ûndersyk nei de sjitpartij wurdt dien troch resjersjeurs fan de korpsen fan Fryslân en Drinte. De Fryske plysjeminsken sille moarn tal fan wurksumheden oernimme, sa as de needhelptsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)