Hema ûntromme foar brân
De Hema op De Dracht op It Hearrenfean is tiisdeitemiddei ûntromme omdat it plafond yn 'e brân stie. Troch in oerferhjitte lampe wie it materiaal begûn te skroeien en yn 'e brân flein.
Alle minsken binne út de winkel helle en de brânwacht hie de saak al gau ûnder kontrôle.