12 jier easke tsjin Sietske H.

19 apr 2011 - 15:30

Tsjin Sietske H. is 12 jier sel easke en gjin TBS. Dy eask is foar ien kear bernedeaslach en trije kear bernemoard. Ta dy konklúzje komt de offisier fan justysje Agnes de Vries tiisdei yn de rjochtbank.

By de dea fan de earste poppe hâldt de offisier it op 'kinderdoding' omdat Sietske noch mar 18 jier wie en net wist wat se moast. By de oare trije poppen wurde de befallingen wol taret, mar wurdt neat klearmakke foar de poppen. Dat wiist op bernemoard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)