Demonstraasje foar 400 Sahars

19 apr 2011 - 12:32

Klas fjouwer fan it VMBO op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost krige tiisdei gjin godstsjinstles, mar se demonstrearren mei de learaar foar har skoalle. It wie in demonstraasje tsjin it útsetten fan sa'n 400 famkes fan Afgaanske komôf troch Nederlân werom nei Afganistan.

Dy kwestje kaam yn it nijs troch alle omtinken foar it Afgaanske famke Sahar dat yn Ljouwert siet en útset drige te wurden. Op it lêst krige se dochs in ferbliuwsfergunning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)