Emosjoneel proses Sietske H.

19 apr 2011 - 11:21

Sietske H. hannele út skamte en eangst. Emosjoneel ferklearre se dat tiisdei foar de rjochter yn Ljouwert. Sietske H. wurdt fertocht fan it ombringen fan har fjouwer poppen. Sietske krige de earste poppe yn 2003 op 'e knibbels nêst it bêd sûnder in kik te jaan. Har suster dy't trije meter fierderop sliept, fernimt neat.

As de poppe lûd jout, is Sietske benaud dat immen it heart. Se bringt de poppe om mei in kessen en docht har yn in tas en letter yn in koffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)