Berend Mink nei Heale Moanne

19 apr 2011 - 10:59

Berend Mink fan Grou wurdt de nije skipper fan it Drachtster skûtsje de Heale Moanne. Hy folget Jacob Zwerver op, dy't earder syn funksje dellei om't er him net fine koe yn de takomstplannen foar it skûtsje. Mink hold yn 2005 op as skipper fan it Grouster skûtsje om't er mear tiid stekke woe yn syn wettersportbedriuw.

No't syn soannen âlder binne, kinne dy him ferfange op it wurk. Mink hat 28 jier op it Grouster skûtsje fearn. Hy waard yn 2000 en 2001 kampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)