Ljouwerter ynbrekker pakt

In 38-jierrige man út Ljouwert wurdt fertocht fan meardere ynbraken. De plysje hat him freedtejûn oanholden foar fernieling. Op it buro waard in ûndersyk ynsteld omdat de Ljouwerter mooglik ferantwurdlik wie foar meardere ynbraken yn de stêd.
It DNA fan de man kaam oerien mei DNA-materiaal dat oantroffen wie by in ynbraak yn in sporthal yn 2002 en yn in auto nei in auto-ynbraak begjin dit jier.