Twangsom foar Pointer

18 apr 2011 - 22:01

Pointer Rijwielen yn Boelensloane moat fan hjoed ôf in twangsom fan 1000 euro per dei betelje. Fakbûn FNV sil dat fia de doarwaarder regelje. Pointer wol fjouwer minsken ûntslaan om't se gjin fytsen mear meitsje soene. It bedriuw hat de fjouwer minsken de wacht oansein, mar him dêrby net hâlden oan de ûntslachregels.

De rjochter bepaalde dêrom dat de minsken gewoan wer oan it wurk moasten. No't dat net gebeurt sil it fakbûn de twangsom ynkassearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)