Jong Hearrenfean wint by NEC

18 apr 2011 - 21:10

Jong Hearrenfean/Emmen hat de foarlêste wedstriid yn de beloftekompetysje mei 2-0 wûn by Jong NEC. Yn Nijmegen bruts Quenten Martinus nei 13 minuten de skoare iepen. Krekt foar it skoft ferdûbele Tobias Kainz de Feanster foarsprong.

Keeper Brian Vandenbussche krige yn de 70ste minút de reade kaart. Hy helle in NEC-spiler ûnderút. Ferfanger Jurjan Wouda kearde yn de ekstra tiid noch in strafskop fan Rick ten Voorde. Jong Hearrenfean stiet sânde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)