Ljip wurdt maskotte ljeppers

de nije maskotte fan de ljeppers
It Frysk Ljeppers Boun hat sûnt moandeitejûn in maskotte. It giet om in grutte ljip yn in fierljepshirt mei de namme Ljeppie de ljip. De ljip stiet foar de ferbining tusken it aaisykjen en fierljeppen.
De nije maskotte waard betocht troch Henk Schievink en presintearre op de ledefergadering fan it bûn yn De Tynje. Schievink wurdt ek bestjoerslid yn plak fan Klaas Haanstra. Beide binne âld-Frysk-kampioenen.