Ein oan sanearring Hoeksterend

De gemeente Ljouwert wol ophâlde mei de langrinnende sanearring fan it eardere terrein fan it gasfabryk Hoeksterend. Yn it ferline is de boaiem saneard en noch altyd wurdt it grûnwetter oppompt en de kwaliteit fan de grûn yn de gaten hâlden.
Dêrmei ophâlde jout neffens de gemeente gjin gefaar foar de sûnens. Moandeitejûn wie der in ynformaasjegearkomste foar omwenners.