Nij doarpshûs foar Aldlemmer

© Omrop Fryslân
Aldlemmer kriget 45.000 euro fan it Oranjefûns foar in nije doarpshûs. It besteande doarpshûs 't Griffioentje waard tweintich jier lyn yn gebrûk naam. Dêrfoar wie it in needgebou foar de gemeente.
Nei fyftich jier is it gebou ôfskreaun. It foldocht net mear oan de wetlike easken en it is te kostber om it oan te passen. Dêrom wol it bestjoer fan it doarpshûs in nij doarpshûs. Doel is fan 't hjerst mei de bou útein te setten.