Ferdronken by bedriuwsûngelok

Yn de Harnzer yndustryhaven is moandeitemiddei in man ferdronken by in bedriuwsûngelok. Hy wie by jachtbouwer Icon Yachts oan it wurk yn in kraan boppe in dok. Nei it wurk waard it bakje nei ûnderen teakele. Op de kant rekke it út balâns en bedarre yn it wetter. Yn it bakje siet noch ien meiwurker fêst mei keatlings.
Dûkers fan de brânwacht hawwe de man út it wetter helle. Der is besocht syn libben te rêden, mar dat slagge net mear.