Piter Jelles: bettere tiden

De nije Piter Jelles-skoalle yn 'e Ljouwerter wyk Nijlân (foto: Omrop Fryslân)
Skoallemienskip Piter Jelles liket wer wat by de wâl op te krûpen nei de bestjoerskrisis yn 2008, de minne skoalûndersiken en it legere tal nije learlingen. De skoallen binne fan it tige swakke stimpel ôf en it skeinde imago is oppoetst. Dat it better giet, is te sjen oan it tal nije oanmeldings. Dat is heger as ferwachte. De prognoaze wie dat der yn 2011 trijehûndert minder oanmeldings wêze soene. De teller stiet no lykwols al op 170 mear as ferline jier.