Dûbele lêsten boargemasters

18 apr 2011 - 12:20

Nije Fryske boargemasters komme finansjeel yn problemen troch de minne wenningmerk. Nije boargemasters binne ferplichte binnen in jier te ferhúzjen nei de nije gemeente. Trijekwart fan harren rekket it âlde hûs net kwyt en sit mei dûbele lêsten. De boargemasters Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel en Yorick Haan fan Flylân sitte mei sokke problemen.

Nei alle gedachten komt minister Donner oare moanne mei in nij foarstel foar in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)