Alkoholkontrôles sportkantines

18 apr 2011 - 10:50
Argyffoto Omrop Fryslân

De plysje Fryslân sil de kommende wiken alkoholkontrôles útfiere by fuotbalkantines yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Littenseradiel en Gaasterlân-Sleat. Alle sportkantines yn dy gemeenten hawwe in brief fan de plysje krige dêr't de kontrôles yn oankundige wurde.

De oare, reguliere kontrôles gean dêrneist ek gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)