Provinsjaal anty-ynbraakteam

18 apr 2011 - 10:21

In nij provinsjaal anty-ynbraakteam fan de plysje moat derfoar soargje dat it tal ynbraken net fierder tanimt. Fyftjin plysjes rjochtsje harren op de opspoaring fan ynbrekkers yn wenten. De lêste moannen is der folle mear by minsken thús ynbrutsen. Yn de earste trije moannen is der hast 500 kear oanjefte dien. Ferline jier yn deselde perioade wie dat 250 kear.

Yn Ljouwert is al in ynbraakteam fan de plysje aktyf. Dat wurdt no útwreide oer de hiele provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)